Skûtsjesjoernaal fan 2 augustus 2012

Yn it Skûtsjesjoernaal stiet jûn it Jouster skûtsje sintraal. Oan tafel sitte skipper Dirk Jan Reijenga en fokkenist Fonger de Vlas. Presintator Arjen de Boer praat mei harren oer de wedstryd op de Langwarder Wielen en ek oer de kânsen fan de Jousters dit jier yn it klassemint.

It wedstrydferslach komt fan Eelke Lok, Klaas Jansma jout de analyse en Albert Jensma hat in reportaazje makke oer it ferskil tusken de skippers no en yn it ferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)