Skûtsjesjoernaal fan 11 augustus 2012

Jûn yn it Skûtsjesjoernaal de earste wedstryd fan de IFKS-silerij op de Iselmar by Hylpen. Der is rom omtinken foar it skûtsje de Jonge Rein. Debutant yn de A-klasse mei skipper Erik Jonker. Hy sit oan tafel op de Gaasterland, tegearre mei syn heit, âld-maratonrider, Rein Jonker. Der sil ek praat wurde oer de ôfwêzigens fan de bruorren Los. It wedstrydferslach is fan Eelke Lok en Klaas Jansma jout syn analyse.

De muzyk is fan Meindert Talma. Hy sil in liet sjonge oer Somalyske piraten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)