Skûtsjesjoernaal fan 10 augustus 2012

Yn it Skûtsjesjoernaal jûn twa skippers oan tafel: Pieter Brouwer fan It Hearrenfean en Pieter Meeter fan Boalsert. Mei harren sjogge we werom op de SKS-silerij fan dit jier. Pieter Brouwer wie miskien wol de grutste ferliezer. Syn Gerben van Manen moast fanwege de nije formule in soad kante meter seil ynleverje en koe dêrom dit jier net meidwaan yn de striid om it earste plak. Foar Pieter Meeter wie it in hiel dûbel kampioenskip. Hy prestearde prima mei it Boalserter skûtsje, mar op Langwar rekke it soantsje fan ien fan syn bemanningsleden oer board. En dat kaam hurd oan by skipper en bemanning.

De muzyk is fan Syb en de Kast sy bringe in oade oan winner Douwe Visser fan Snits en de oare 13 skûtsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)