Sintrumcross Surhústerfean live

Yn it sintrum fan Surhústerfean tilt it tongersdei 3 jannewaris op fan de hurdfytsers en hurdfytsfans. Dy deis wurdt de 18e edysje fan de Centrumcross ferriden mei ûnder oaren de winner fan ferline jier Gerben de Knegt en Nederlânsk kampioen Lars Boom. By de froulju docht Olympysk- en wrâldkampioene Marianne Vos ek mei.

Omrop Fryslân is der live by op radio, televyzje en ynternet. Tusken 13:00 oere en 16:00 oere binne de wedstriden fan de froulju en de profs en beloften te sjen op televyzje en Omroplive.nl en op radio wurdt ek regelmjittich live ferslach dien. It kommentaar wurdt fersoarge troch Geert van Tuinen en Koos Wieling. Ald-fjildrider Gretinus Gommers is ko-kommentator. Hy wie ûnder oaren Nederlânsk kampioen by de beloften yn 1994.

Sintrumcross radio, televyzje en Omroplive.nl, tongersdei 3 jannewaris fan 13:00 oere ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)