Simmer yn Fryslân fan 9 augustus 2014 13:00

  • Spiler wurdt laden

Dit jier net allinne yn de trije skûtsjesylwiken, mar de hiele simmer lang hawwe wy op Omrop Fryslân Radio it radioprogramma Simmer yn Fryslân. Fan 13:00 oant 18:00 oere komt it programma út de radiostudio yn Ljouwert wei mei rom omtinken foar alles dat der yn ús provinsje te dwaan is. Mei ûnder oaren de presintaasjeduo’s Jan Durk de Haan en Femke de Walle en Simone Scheffer mei Tiete Sijens. Yn de SKS-wiken is de presintaasje wer yn hannen fan Harm Weistra en Diana de Groot en yn de IFKS-wike hearre jo Roelof Lousma en Tiete Sijens. Razende reporter Gjalt de Jong, Geartsje de Vries en Aukje de Hoop binne wer foar jo op it wetter te finen om de wedstriden fan tichtby te folgjen. De wedstriidbylden en it radioprogramma binne ek op televyzje te sjen. Jûns is op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)