Samen voor de Voedselbank fan 15 desimber 2014 18:20

Yn Fryslân meitsje sa'n 6000 minsken gebrûk fan de Voedselbank. Sa ek de famylje Syswerda. Bart en Chantal Syswerda wenje mei har soantsje Dyon yn Ljouwert. Sûnt in jier binne se ôfhinklik fan de Voedselbank. Bart en Chantal gean der fan út dat se oer in pear jier út de skulden binne sadat se dan ek wer ôfskie nimme kinne fan de Voedselbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)