Radio Froskepôle fan 9 april 2015 18:00

Dizze wike krijt de cd 'Vlege' fan Gé Reinders ús 2003 wat ekstra omtinken, in cd mei ek lyts Frysk aspekt. Ien fan de lietsjes op it album is nammentlik 'Nederlandj', in duet dat meiskreaun is en meisongen wurdt troch Piter Wilkens. Dy Fryske trûbadoer is trouwens sels ek te hearren yn in lietsje fan de Fjouwer Trûbadoers, dêr't hy diel fan útmakket. Fierder nochris wer de nije singel fan Griet Wiersma, in lfuerich liet dat alhiel by it moaie waar past dat kommendewei is. Op de list ek muzyk fan de Salvadora's, it jankfodde-pseudonym fan Grytz & Grize, Jack Bottleneck, Wiebe Kaspers, Sânman & Sikke en noch folle mear.

De útstjoering is altyd werom te hearren fia dizze side: www.omropfryslan.nl/froskepole.

Radio Froskepôle fan 9 april 2015

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)