Radio Froskepôle fan 8 juny 2015 18:00

De Fryske bluesband Healers hat juster harren ôfskiedskonsert jûn yn teaterkafee Hopper yn Drachten en kaam, as folsleine ferrassing, mei noch in nije album-CD as cadeau foar it publyk. It giet om in live-labum, opnommen by ien fan de konserten fan de Farwol-Toer, op snein 15 febrewaris fan dit jier yn de Wite Tsjerke op 'e Himrik. It album is CD fan de wike en jÛn ek te hearren yn Radio Froskepôle.
Fierder omtinken foar in nije singel, of eins foar it titelliet fan in noch te ferskinen CD fan de Grinzer band Krödde.
Fan 'oer de grins' krijt dizze wike de cd 'Wanssum' fan de Limburchske band Ondiep wat ekstra omtinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)