Radio Froskepôle fan 6 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

It hiele wykein wienen wy mei Omrop Fryslân Radio werom yn de sântiger jierren yn dit 'nostalgy wykein'. En ek mei Radio Froskepôle wol ik 'nostalgysk' eindigje op dizze Peaskemoandei. It is tradisjoneel de dei fan AAIPOP, it grutste Frysk- en streekfrysktalige muzykevenemint fan de provinsje. Dat wurdt hjoed al foar de 28ste kear holden. Ik ha wat yn de argiven fan de stifting AAIPOP sjoen en ha muzyk útsocht fan it fyfde en sechsde AAIPOP, yn 1991 en 1992. Dus gjin sântiger jierren, mar dat kin dus net at je omtinken oan de skiednis fan dit festival jaan wolle. Safier giet it net werom yn de tiid. Mar hjoed wol muzyk fan Joop Veenstra, Bennie Huisman, Doede Veeman, Doede Bleeker, Occajun, Wiegels Wjukkelmasine, Bricquebec, Frederike Kleefstra & Inez Timmer, Bauke & Greetje, Gerrit Bos, Wim Beckers Groep, Ernst Langhout & the Hones en Reboelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)