Radio Froskepôle fan 5 maaie 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Befrijingsdei, 5 maaie, de dei fan feest, mar dochs ek noch weromsjen op de reden fan it feest, it ein fan de Twadde Wrâldoarloch, hjoed sântich jier ferlyn. Op myn fersyk hawwe harkers fan Radio Froskepôle in hiele rige lietsjes oandroegen mei dizze dagen en de oarloch en befrijing as tema. Lykas juster ek jûn noch in protte fan de troch jimme oandroegen lietsjes. Lietsjes fan bygelyks Sytse van der Werf, Om 'e Noard, Tet Rozendal, Fokke Miedema, Sebeare, Piter Wilkens en mear.
En jimme kinne hjoed en de kommende dagen noch alle kearen twa frijkaartsjes winne foar it muzikale teaterprogramma 'Iemandsland' dat op freed 15 maaie yn premjêre giet yn Nieuw Buinen. Oan de ein fan it programma stel ik in fraach, wa't it antwurd wit mailt dat nei gurbe@omropfryslan.nl of froskepole@omropfryslan.nl en út de goeie antwurden helje ik alle dagen in winner fan twa kaartsjes op in datum nei keuze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)