Radio Froskepôle fan 4 augustus 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze wike yn Radio Froskepôle alle jûnen omtinken foar twa nije album-CD's. Yn it foarste plak is dat de cd 'Súderplein' fan de Ljouwerter sjonger, lietskriuwer en muzikant Sake (Hijlkema hyt er folút). In moaie cd mei foaral ek tige persoanlike lietsjes. Foaral ek moai is it duet 'Dou en ik' mei syn dochter Sophie, dat juster yn de útstjoering siet. Mar ek 'Denk an dy' fan dizze jûn is in moai persoanlik liet fan Sake.
De twadde nije cd is 'Allain' fan de Grinzer sjonger en lietskriuwer Bob Heidema. Bob is foaral bekend as frontman fan de bluegrassband de Stroatklinkers, mar hat no, as aardichheid, in solo-CD útbrocht mei tolve selsskreaune lieten. Lykwols, Bob hat net it doel om ek solo de poadia op.
En fierder hearre jimme fansels wer de moaiste streektaalmuzyk fan binnen en bûten de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)