Radio Froskepôle fan 30 maart 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

In hiel rychje primeurs jûn yn Radio Froskepôle. Yn it foarste plak in nij Frysk singeltsje fan de band Oerémis. Dat wie eins de foarrinner fan it duo/band Douma en Douma & de Dokters. Nei't Theo Douma goed trije jier ferlyn op jonge leeftiid stoar hawwe de oare leden de muzyk earst wat op in sêft sin setten. Mar no binne sy wer dwaande en in earste singel is der no. It liet hyt 'De Feteraan' en past goed yn dizze tiid fan it jier, yn de oanrin nei 4 en 5 maaie.
It folgjende primeurke komt fan de Drintske sjongeres Willemien Dijkstra. Sy komt út Sleen is 22 jier en die foarich jier foar it earst mei oan it Drèènts Liedtiesfestival mei in lietsje skreaun troch Bert Kamping. Sy waard der tredde mei yn de finale en it liet is no út op singel, titel: 'Ik wil je niet kwiet'.
De lêste primeur komt út Grinslân en komt fan it debút-album fan de band Snikhait, in gelegenheidsformaasje om sjonger/lietskriuwer Harbert Grezel en bassist Jan-Joris Sportel hinne. 'Mous' is de titel fan it album en dizze wike is der alle jûnen in lietsje fan te hearren yn Radio Froskepôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)