Radio Froskepôle fan 3 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

It is freed en dus sit der wer in aginda mei útgeanstips yn it programma. Diskear, mei it Peaskewykein foar de doar, net sa hiel wiiweidich, mar dochs noch kar genôch foar dizze dagen. Mei fansels it AAIPOP-festival op Peaskemoandei yn Nijlân. Dat sil ôfsletten wurde troch Piter Wilkens en band en jûn hearre jim him al yn dy setting yn Radio Froskepôle. Trouwens ek Johannes Rypma en myn alter ego, de sjonger Gurbe Douwstra, beide ek op AAIPOP, binne te hearren. Fierder in tal fleurige maitiidslietsjes út Grinslân en in âld lietsje fan Wiegels Wjukkelmasine. Dizze Fryske njoggentiger jierren band sil fan 't hjerst in reünie-konsert jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)