Radio Froskepôle fan 29 septimber 2015 18:00

It gloednije album 'Evenwicht' fan de Drintske sjongeres Martijje krijt dizze wike wat ekstra omtinken yn Radio Froskepôle. Martijje is foaral ek dwaande yn it wat jazzy repertoire en dat klinkt ek op dit nije album wol wat troch. Mar sy lit hearre ek hiel goed thús te wêzen yn de wat lichte populêre muzyk.
Hjoed ek ien kear wat bûten de streektaal-oarder fan dit programma. De Fryske singer/songwriter Elske DeWall sil nammentlik ankommende snein optrede yn de Wite Tsjerke op 'e Himrik. En diskear lit ik no net har ienige Fryske lietsjes hearre, dat sy song yn it Cohen yn it Frysk-projekt, mar gewoan it titelliet fan har meast resinte cd 'Brave'.
Op 'e list fierder ek muzyk fan ûnder oaren it duo Peter & Engbert dat tongersdei live yn Radio Froskepôle optrede sil.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)