Radio Froskepôle fan 28 april 2015 18:00

It trio Gedobr is jûn live te gast yn Radio Froskepôle. De trije manlju, Geert, Douwe en Brugt (fandêr GeDoBr), presinteare no sneintemiddei harren twadde offisjele album-CD mei de titel 'Oars'. En dat jout al oan, dat Gedobr op dizze CD oar, en yn dit gefal serieuzer, repertoire hearre lit as dat wy fan de manlju kenne. Jûn yn it programma live alfêst in foarpriuwke.
En Sipke de Boer is werom út Kenia, dêr't hy in wike frijwilligerswurk dien hat yn in weeshûs. Hy hat ek mei de Keniaanse weesbern wat oan muzyk dien en kin jûn wat hearre litte.
Fan oer de grins krijt dizze wike de cd 'Sòh' fan de Achterhoekse band Boh Foi Toch wat ekstra omtinken. De groep, oprjochte troch âld-Normaal lid Henk Keuper, bestiet yntusken fiifentwintich jier.

18:08 - Inez Timmer - Moed
18:11 - Bert Hadders En De Nozems - Leesmap
18:43 - Boh Foi Toch - Honderd En Ene
18:47 - Hecht - Boarterstun
18:50 - Sytse En Hendrik Haima - Beppe Sei Noait Nee
18:53 - De Hunekop - Leech By De Grun

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)