Radio Froskepôle fan 27 maaie 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

In radio-primeurke jûn yn Radio Froskepôle, alteast in primeurke foar de Fryske omrop. It giet om in nije singel fan it Grinzer rap/hiphop duo Sproakwotter, dat in gearwurking oangien is mei de semi-akûstyske cover-band TOOSST. Sy hawwe de eardere hit 'Everything's gonna be allright' fan de Nij Seelânske band the Babysitter's Circus út 2013 bewurke en oerset nei 'Mok die nait drok, 't komt wel goud'.
Ek jûn wer twa moaie lietsjes fan de cd 'De muziek van Limburg' mei diskear de band Ondiep en it duo Paul van Loo en Ivo Rosbeek. Op de list fierder lietsjes fan ûnder oaren Jan Nota, PIter Wilkens, Gezina van der Zwaag, Jannie Brandsma en the Hangouts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)