Radio Froskepôle fan 27 jannewaris 2014 18:00

  • Spiler wurdt laden

De Froskepôle Favoryt is werom, alteast, ik krige de fraach om wer ris omtinken te jaan oan de LP 'Kattekwea' fan de hast legendaryske Fryske folkgroep fan eartiids Irolt. Dus hearre jimme dizze wike alle dagen in lietsje fan dat album út 1977!
Ik waard ek tipt op de West-Flaamske groep Het Zesde Metaal, de band om sjonger/lietskriuwer Wannes Capelle hinne. Hy sjongt yn de West-Flaamske streektaal en makket moaie muzyk. Dat kinne jimme hearre, want alle jûn draai ik wat fan harren twadde album-CD 'Ploegsteert'.
De muzyklist fan hjoed sjocht der sa út:
1. Kombo Bauke van der Woude - Lit nea de hope farre
2. Klaas Spekken - 1914 -1918 'n Vergeten soldaat
3. Gedobr - Ha myn nocht
4. De Fjouwer Trûbadoers - Tichter by dy
5. Het Zesde Metaal - Broers
6. Tjerk Bootsma Trio - Hein
7. Irolt - Kattekwea
8. Kennèh - 't Reagent in Brussel
9. Tet Rozendal - Brek myn beide bonken
10. Marcel Smit - It libben
11. The Feetwarmers - Orten

Maile mei tips foar dit programma kin nei gurbe.douwstra@omropfryslan.nl.

Radio Froskepôle fan 27 jannewaris 2014

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)