Radio Froskepôle fan 26 maaie 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Radio Froskepôle iepent jûn mei in primeurke. De Fryske DJ's Syb en Ronald, dy't tegearre de Doelleazen foarmje, hawwe in Fryske persiflaazje makke op de grutte nûmer-ien hit fan dit momint: 'Parijs' fan Kenny B.
Inez Timmer, dy't de ôfrûne tiid mei de muzikale lêzing 'Eeuwfeest van een schuldig lied' troch Fryslân toerde, hat it lietsje dêr it om giet, it soldateliet 'Lily Marleen' op singel útbrocht. Mar dan wol yn fjouwer fersy's en jûn hearre jimme de Fryske fersy fan it orisjineel fan dat liet út 1915.
En der is rom omtinken foar de nije cd 'De muziek van Limburg', útbrocht troch de Fryske platemaatskippij Marista. De CD jout, mei fyftjin lietsjes, útfierd troch fyftjin ferskillende Limburchske artysten, in moai en akkuraat byld fan hoe't de streektaalmuzyk der hjoed de dei foar stiet yn de provinsje mei de measte streektaal-artysten.

18:11 - Swinder - Zundagmorgen
18:17 - Melvin Van Eldik - Held Ut De Meenthe
18:20 - Van Geeft 'm - Ik Wol Dy Om My Hinne
18:26 - Minsekinder - Oet Ut Zuuje
18:30 - Willeke Simons - De Hemel
18:35 - Inez Timmer - Lily Marleen (Ald Orisjineel)
18:38 - Nnb - De Strjitte Muzikant
18:43 - Adri De Boer - Fjoer En Rein
18:47 - Annemiek Drenth - Ik Bin Zo Wies
18:50 - Feetwarmers - De Emigrant
18:54 - Mannemoed - Prefester Yn De Iensumheid (Cd)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)