Radio Froskepôle fan 26 juny 2015 18:00

Goed trije jier ferlyn kaam de cd 'De nacht wachtet' fan Mariusz en de Muzikanten út. No ferskynt der fan dat album nochris wer in singel mei de titel 'Farwol'. Wat soe it betsjutte? Sil de band wer mear op 'n paad of is it liet bedoeld as ôfskied?
Ut it argyf in moai liet fan de eardere Fryske folkpopband Om 'e Noard en in pear moaie duetten. Ut eigen provinsje dat fan The Voice-dielnimmer Johannes Rypma mei Mirjam Timmer en fan oer de grins Harry Niehof en Bert Hadders.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)