Radio Froskepôle fan 25 septimber 2015 18:00

It is freed en dus sit der in wiidweidige aginda mei nijsgjirrige optredens yn Radio Froskepôle. Fan guon fan de streektaal-artysten dy't dit wykein live te sjen binne yn de provinsje is jûn al it ien en oar te hearren, lykas fan Piter Wilkens, snein mei syn porgram 'LIbbene stiennen' yn de Redbadtsjerke yn Jorwert. Mar ek Jack Bottleneck dy't moarn en snein nochris syn debút-CD 'Lost & Found' presintearret. Earst op it Freeze festival yn de Ljouwerter Harmonie en sneintemiddei yn Ma Kelly's yn Fryskepeallen.
Fierder in foarpriuwke fan it album fan 'oer de grins' dat takom wike wat ekstra omtinken krijt, 'Evenwicht' fan de Drintske sjongeres Martijje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)