Radio Froskepôle fan 25 maart 2015 18:00

Livemuzyk jûn yn Radio Froskepôle en diskear is de grutte studio hast hielendal fol, want it frouljus-jankfoddekoar Tûzen Triennen út Britsum is op besite. It koar sil ankommende snein 29 maart optrede yn de Groate Kerk yn Sint Jabik, tegearre mei de ferhalenfertelster Aeltsje de Boer. Yn Radio Froskepôle jouwe sy in foarpriuwke fan wat it publyk snein ferwachtsje kin. It koar bestiet as sa'n 18 jier en it is aardich om te hearren of der ek noch leden 'fan de earste oere' bysitte.
Fierder ek jûn wer in lietsje fan de cd 'Onderweg noar ow' fan Hans Venneman, de sjongende trucker út de Achterhoek.
De Haagske band de Règâhs binne te hearren, popmuzyk mei in fette knypeach.
En muzyk fan it Noarddútske Otto Groote Ensemble, Weima & van der Werf en in oar grut Frysk koar, it Snitser folk- en shantykoar Rolling Home.

18:13 - Regahs - Ja Helaas
18:42 - Hans Venneman - Goddank He'k De Radio
18:54 - Eddy Dykstra - Op 'e Jouwer

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)