Radio Froskepôle fan 25 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

De Fryske trûbadoer Piter Wilkens is dwaande mei skriuwen fan in lietsjesprogramma foar de jubilearjende Stiftin Alde Fryske Tsjerken. Dat programma sil fan 't hjerst earst yn premjêre gean, mar jûn yn Radio Froskepôle al it iepeningslietsje fan dat programma. Piter spile it earder alris live yn de Froskepôle-studio.
Simmerske muzyk komt fan ûnder oaren de Kast, Daniël Lohues en it duo Jilt en Herman.
Lietsjes oer fytse, en dan foaral hurdfytse, binne te hearren fan Bauke van der Woude en de Limburger sjonger/lietskriuwer Ivo Rosbeek.
En protestlieten tsjin of it ferdwinen fan in bysûnder kafee of de klaagsang fan guon Hollânske 'immigranten' wurde songen troch de Grinzer Martin Korthuis en de Fryske folkgroep Reizger.

18:57 - Hot Butter - Popcorn

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)