Radio Froskepôle fan 24 maart 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Diskear in regelrjochte radioprimeur yn Radio Froskepôle. Marcel Smit, de sjonger en lietskriuwer út Burgum, komt nei de studio om syn nijste singel te presintearjen. It lietsje hyt 'De Stjoerman' en is skreaun yn opdracht fan ûnder oaren Doarpsbelang fan Burgum. It is it ferhaal oer Hindrik J. Bulthuis, eartiids de útfiner fan de BM-er sylboat.
Fierder diskear ek wer muzikaal omtinken foar streektaalartysten, dy't de kommende tiid live te sjen wêze sille yn Fryslân. Muzyk dus fan ûnder oaren Gerbrich van Dekken (freed mei Gurbe Douwstra en Marcel Smit & de Hiele Hannel yn de Rottefalle), Bauke van der Woude (saterdei yn Wergea), Rob du Jardin (mei Friends no saterdei yn de Rotondetsjerke fan Terbant) en Jan de Vries, de Biltske sjonger en lietskriuwer, dy't snein in bysûnder 'muzikamerconcert' jaan sil yn Harns.

18:07 - Gerbrich Van Dekken - Eastermar
18:10 - Swinder - Zundagmorgen
18:19 - Marcel Smit - De Stjoerman
18:22 - Bauke Van Der Woude Kombo - Liefste Lief
18:27 - Hans Venneman - Witte Lijnen
18:32 - Rob Du Jardin - De Flechtling
18:48 - Jan De Vries - Swarte Anne (Cd)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)