Radio Froskepôle fan 24 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

In protte muzikale agindasaken jûn yn it programma, want der is fansels in protte te dwaan sa mei it wykein fan Keningsdei foar de doar. En dus sit der muzyk yn fan ûnder oaren Piter Wilkens, Adri de Boer, Sido Martens en noch folle mear. Fierder omtinken foar in nije singel fan de Grinzer sjongeres Irene Wilkens mei har band Sikkom Kult.

En ik draai ynstrumintale akkordeonmuzyk. It romrofte Fryske Brouwer's Akkordeonorkest bestiet nammentlik 60!! jier. Dat sil fierd wurde mei in jubileumkonsert op saterdei 2 maaie yn Stania State, Oentsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)