Radio Froskepôle fan 23 maart 2015 18:00

Jûn livemuzyk yn Radio Froskepôle. It duo Weima & van der Werf komt op besite. Foarich jier kaam harren earste folslein Frysktalige album-CD 'Yn it Frysk' út. Hoe hat it publyk dêr op reageard, foaral ek bûten de provinsje. Of soenen de manlju it Fryske repertoire inkeld mar yn Fryslân bringe? Wy hearre it jûn. Fansels sille Reinout Weima en Anno van der Werf ek live in tal, Fryske, lietsjes hearre litte.
En fierder op de spyllist:
Jankfoddekoar Tûsen Triennen mei Poepert yn 'e string
It Grinzer duo Sproakwotter mei Blief van ons laand
De sjongende frachtweinsjoffeur Hans Venneman út de Achterhoek mei 'Altied moar deur' fan syn cd 'Onderweg noar ow'.
De Salvadora's (oftewol Grytz & Grize yn moaie pakjes) mei de jankfodde 'It komt allinnich mar troch dy'.
De ûnbekende sjongeres Marieke mei it lietsje 'Tegearre foar altied', dat sy songen hat by de doop fan har dochterke.
De Drintske streektaal-tûsenpoat Bert Kamping mei 'Mien eigen dörp'
En as der tiid genôch is ek noch Irish Stew mei 'Arme Ouwe Jantsje'.

18:08 - Jankfoddekoar Tuzen Triennen - Poepert Yn 'e String
18:11 - Sproakwotter - Blief Van Ons Laand
18:39 - Hans Venneman - Altied Moar Deur
18:42 - Salvadora's (Grytz & Grize) - It Komt Allinnich Mar Troch Dy
18:54 - Irish Stew - Arme Ouwe Jantsje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)