Radio Froskepôle fan 23 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Martina Iori, de winnares fan LIET Ynternasjonaal, is hjoed te hearren yn Radio Froskepôle. It is alwer hast in healjier ferlyn dat dizze sjongeres en lietskriuwster út it Noard Italiaanske Val di Fassa LIET Ynternasjonaal wûn. De finale wie yn desimber yn it Dútske Oldenburg. Martina Iori sjongt yn it Ladin, de streektaal dy't sprutsen wurdt yn in part fan Súd Tirol.
Ek hjoed wer in lietsje yn it Frasch, de streektaal fan Noard Dútslân. Diskear giet it oer en wurdt it songen troch immen dy't fan it Noarddútske Waadeilân Helgolân komt: Thomas Friedrichs. 'Bliid dat ik Halunder ben' sjongt hy.
En Sander & Thea Metz binne nochris te hearren mei 'Kin ik dan by dy', de Amelanner oersetting fan 'Mag ik dan bij jou' fan Claudia de Breij.

18:57 - Davy Baby Cortez - The Happy Organ

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)