Radio Froskepôle fan 23 april 2015 18:00

De eardere Fryske reggeaband Brimstone Butterfly sil in reüniekonsert jaan op 16 maaie yn it Bolwurk yn Snits. De band hat fan 1983 oant begjin njoggentiger jierren bestien en foel op troch de autentike 'sound'. Foaral sjonger Willem Pen sette in stim op of sieten je nei in folbloed reggeaband út de Kariben te harkjen. No makke Brimstone, sa't de band letter hite, inkeld Ingelsktalige muzyk, mar Willem hat yn ien fan syn lettere bands, Freez Careeb, him wol weage oan it Frysk en hoe't dat klinkt hearre jimme jûn yn Radio Froskepôle.

Fierder muzyk fan ûnder oaren The Hangouts, Hein Jaap Hilarides, Harry Niehof, Van Geeft 'M en noch folle mear. En nochris wer, stip mei muzyk, de oprop om streektaallietsjes oer de oarloch en alles wat dêrmei anneks is, oan te dragen. Dit om hearre te litten yn de Radio Froskepôle-útstjoerings fan 4 en 5 maaie. Tips kinne maild wurde nei froskepole@omropfryslan.nl of gurbe@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)