Radio Froskepôle fan 22 maaie 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Alwer de lêste Radio Froskepôle fan dizze wike, mei fansels in aginda en dus ek muzyk fan artysten út dy aginda. Under oaren artysten, dy't moarn optrede sille op de sechsde Keunstmerk fan Balk, dêr't mear as hûndert keunstners, skriuwer, dichters en artysten oan meidogge.
Fierder alfêst wat muzikaal foarútsjen nei de fjirtichste edysje fan Peijedei, it strjitfestival dat op saterdei 6 juni holden wurde sil yn Drachten. Dêr is ek in spesjaal poadium dêr't allegear artysten fan de feriening Tsjoch spylje sille. Twa fan harren, Jan Nota en Adri de Boer, binne jûn te hearren en meikoarten live yn Radio Froskepôle.
Ek muzyk út Grinslân fan de band PLAT. Harren cd 'Kou' stiet takom wike sintraal yn it programma.
Radio Froskepôle is der tiisdei earst wer, want op Pinkstermoandei ferfalt dit programma fanwege de Fyts-alvestêdetocht.

Radio Froskepôle fan 22 maaie 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)