Radio Froskepôle fan 22 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Radio Froskepôle jûn omtinken foar muzyk dêr't de Fryske muzikant, kompoanist, arransjer en orkestlieder John Eskes in rôl yn spile hat. John stoar ôfrûne saterdeitemoarn, neidat er al lang siik wie, yn it hospice yn Drachten. Hy is 63 jier wurden. De Fryske muzyk ferliest mei him in grut talint, in grut muzikant en in bysûnder minsk. Jûn fjouwer lietsjes út ferskillende tiden fan syn karriêre, wêrûnder ek wat fan John Eskes syn earste band, doedestiids, Art. 461 út Wolvegea.
Fierder in nij singeltsje dat útbrocht wurdt ûnder de namme Cigalou.
En dizze wike muzyk yn it Frasch, de streektaal, dy't yn Noard Dútslân sprutsen wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)