Radio Froskepôle fan 21 septimber 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

De sjonger en lietskriuwer Peter Groot Kormelink is nasjonaal foaral bekend wurden mei bands as Splitsing en foaral ek de Jazzpolitie. 'Wind en zeilen' wie in dikke hit foar dy earstneamde band en 'Liefdesliedjes' fansels foar de Jazzpolitie. Beide bestean al net mear en Peter Groot Kormelink hâldt 'm ek mei in protte oare saken dwaande. Dochs skriuwt er noch altyd ferskes en no hat er dat foar it earst dien yn syn memmetaal, it Achterhoeks. In hiele cd fol sels en dat album 'Weerkommen' krijt dizze wike wat ekstra omtinken yn Radio Froskepôle.
Fierder muzyk fan ûnder oaren Piter Wilkens út syn nije lietsjesprogramma 'Libbenen stiennen' en Jack Bottleneck fan syn debút-CD 'Lost & found' dy't juster foar it earst presinteard is. Der komme noch twa publike presintaasjes, no saterdei en snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)