Radio Froskepôle fan 21 july 2016 18:00

Radio Froskepôle stiet dizze wiken yn in soarte fan simmerstân. Dat betsjut wat ôfwikende programma's mar mei fansels noch wol de streektaal sintraal. En útstjoerd op de gebrûklike tiden: troch de wike alle jûnen tusken 18.00 en 19.00 oere en yn de werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere.

It programma Raido Froskepôle belibbe op tiisdei 21 juni l.l. de 2000ste ôflevering en dat waard fierd mei in twa oeren duorjend programma mei live-muzyk foar in studio fol mei publyk. Jûn hearre jimme nochris yntegraal de earste oere fan dy jubileumútstjoering mei livemuzyk fan it Noarddútske Otto Groot Ensemble en it duo Gurbe Douwstra en Gerbrich van Dekken.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)