Radio Froskepôle fan 21 april 2015 18:00

Jûn net de oankundige live-muzyk fan de Grinzer groep Snikhait. It docht bliken dat dat foaral in studio-projekt is fan sjonger, lietskriuwer en mûlharpspiler Harbert Grezel. De band is dreech by elkoar te krijen en stiet ek net echt geregeld op in poadium. Dochs is der mei 'Mous' in hiele knappe streektaal-CD makke en fansels sil ik jimme dêr jûn wat fan hearre litte.
Ek muzyk fan Gedobr, it trio dat hjoed oer in wike wol live yn Radio Froskepôle sit. Dit as opmaat nei de presintaasje fan harren twadde cd 'Oars' op sneintemiddei 3 maaie.
En der is muzyk fan ûnder oaren Healers, Sipke de Boer, Peter Groot Kormelink, Thea & Sander Metz en noch folle mear.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)