Radio Froskepôle fan 20 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

It fokaal ensemble Sânman en Sikke is jûn live te gast yn Radio Froskepôle en jout in soarte fan mini-húskeamerkonsert. It is foar it earst dat dizze groep, dy't syn oarsprong hat yn Warkum, mei de nije gitarist spilet yn dit programma.
Der is ek in primeurke, want fan it Fryske duo Hecht (Jan Haakma & Niels Bloembergen) ha ik in twadde singeltsje tastjoerd krigen. Diskear giet it om in oersetting fan 'Foto van vroeger' fan Rob de Nijs.
En alle jûnen draai ik dizze wike in lietsje fan de DeLuxe Edition fan de CD en LP 'Zilver' fan de Limburchske band Rowwen Hèze. Dy komt saterdei op harren teatertoer nei Snits.

18:12 - Snikhait - Mous
18:43 - Sido Martens - Glorie
18:48 - Hecht - Foto Fan Eartiids
18:53 - Salvadora's (Grytz & Grize) - It Komt Allinnich Mar Troch Dy

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)