Radio Froskepôle fan 2 oktober 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Jûn in primeurke fan 'oer de grins'. De twa Drintske suskes Suzanne en Linda Kannegieter hawwe earder dit jier it Drèènts Liedtiesfestival wûn mei it ferske ; Ik geleuf niet meer in liefde'. Dat lietsje is no offisjeel op singel útkaam en jimme hearre it yn Radio Froskepôle.
Boppedat is der jûn muzyk te hearren fan ûnder oaren the Feetwarmers en de Top en Twel Sjongers. Dat binne twa groepen dy't aanst yn de Wike fan de Fryske Top 100 in oere lang live spylje sille yn Radio Froskepôle. Dy wike is fan moandei 19 oant en mei freed 23 oktober en njonken dizze beide artysten sille ek Bauke van der Woude, solo, Anneke Douma mei band en de fokale groep Keatling fan de Jouwer in konsert fan in oere dwaan yn de studio. Dêr kinne jimme as publyk by wêze. Jimme wurde dan om healwei seizen ûntfongen mei kofje/thee en koeke en kinne dan tusken seis en sân oere by it programma sitte. Liket jimme dat aardich ta, stjoer dan efkes in mailtsje nei gurbe@omropfryslan.nl of froskepole@omropfryslan.nl. Jou mar oan by welke artyst of, as dat neat útmakket, op welke dei jimme der graach by weze wolle. Jimme krije de wyk derfoar fia de mail berjocht. Dus at jimme sa'n studiokonsert fan ien fan dy fiif artysten meimeitsje wolle, dan efkes in mailtsje nei gurbe@omropfryslân.nl of froskepole@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)