Radio Froskepôle fan 2 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze wike krijt in âlde album-CD fan de Grinzer band PLAT wat ekstra omtinken. It giet om de cd 'Kou', Grinzers foar 'ko'. It ferhaal om de band hinne is wat ûndúdlik. Bestiet PLAT no noch wol of al net mear. Harren website is wol noch altyd yn 'e loft, mar nijs en resinte optredens stean der net op. Mar goed, de band hat wol seis album-CD's makke en diskear krijt ien dêrfan dus wat ekstra omtinken.
Fierder hearre jimme it lietsje 'De Ljurk' fan Jitske Draijer. It lietsje komt út it iepenloftspul 'De kening stjert', dat foarich jier juni opfierd is yn it Heidenskip. Dêr ek sil de singel no snein presinteard wurde yn in greide oan de Feandyk. De opbringst fan de singel giet nei de natuurferiening de Wolvetinte, dy't har ynset foar it behâld fan de greidefûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)