Radio Froskepôle fan 2 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Diskear yn Radio Froskepôle alfêst muzikaal foarútsjen nei AAIPOP, it grutste Frysk- en streekfrysktalige muzykfestival fan de provinsje. Dat wurdt tradisjoneel holden op Peaskemoandei yn Nijlân, tusken Snits en Boalsert, en it is de 28ste edysje. Healers, de bluesband dy't dwaande is mei harren Farwol Toer, en Marcel Smit binne twa fan fyftjin artysten út de line-up fan it festival. Jûn te hearren yn it programma. Fansels ek wer in lietsje fan de cd 'Mous' fan de Grinzer band Snikhait en út Limburch wei Suzan Seegers. Sy komt meikoarten yn de Koornbeurs yn Frjentsjer mei in programma mei lietsjes út it repertoire fan Toon Hermans. Ek omtinken foar de 'Gelderse Kleiroze' in nije streektaalpriis yn de Achterhoek foar it 'haevigste lied' fan it jier, Streektaal dus en dy priis is wûn troch Joop Boxstart mei it lietsje 'In de fles'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)