Radio Froskepôle fan 18 maaie 2015 18:00

De Fryske bluesband Healers hâldt der nei twintich jier mei op. Sneintemiddei 7 juni is harren ôfskiedskonsert yn it teaterkafee Hopper yn Drachten. Jûn is de band dus foar de lêste kear live te gast yn Radio Froskepôle en sil noch ien kear de stjerren fan de himel spylje mei harren Fryske roots-blues.
Fierder is der omtinken foar de muzyk fan de LImburchske sjonger, kompoanist en skriuwer Paul Weelen.
Boppedat hearre jimme muzyk út de muzikale teaterfoarstelling 'Iemandsland', dy't ôfrûne freed yn premjêre gie yn Nieuw Buinen.

18:08 - Adri De Boer - Femke Famke
18:41 - Paul Weelen - Sjoetsengel
18:45 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
18:52 - Lohues & The Louisiana.. - Hoogste Tied Veur De Blues

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)