Radio Froskepôle fan 18 juny 2015 18:00

It sjongende echtpear Sander & Thea Metz is jûn live te gast yn Radio Froskepôle. Sy presintearje harren singel 'In mearke' en sille ek in tal lietsjes live spylje. De opbringst fan de singel giet folslein nei de Stifting Alzheimer en Sander en Thea lizze út werom of dêrfoar keazen is.
Der is ek muzyk fan Dick van Altena. Dizze hast legendaryske countrysjonger út de Betuwe is de lêste fyftjin jier ek dwaande mei skriuwe en sjonge yn syn memmetaal, it streekdialekt fan de Betuwe. Yn 2003 kaam syn earste streektaal-CD 'Moan bove de Betuwe út' en dizze wike hearre jimme der alle jûnen in lietsje fan.

18:10 - Feetwarmers - Jabikspad
18:14 - Maud Wilms En L Dyanne Sleijpen - Op Geveul
18:45 - Dick Van Altena - Nor De Kermis Toe
18:49 - Piter Wilkens & Jeugdbrassband - Blaasmuzyk
18:54 - Gerbrich Van Dekken - Eilan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)