Radio Froskepôle fan 18 july 2016 18:00

  • Spiler wurdt laden

De simmerprogrammearring is no ek foar Radio Froskepôle úteinset. Dat betsjut de kommende wiken programma's, dy't yn it foar opnommen binne, mar wol op de gebrûklike tiden útstjoerd wurde. Dus troch de wike tusken 18.00 en 19.00 oere en in werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere. De earste wiken binne it foaral opnames fan live-studiokonserten, dy't streektaalartysten de ôfrûne tiid fersoarge ha yn de studio fan Radio Froskepôle. Jûn binne dat de konserten fan Paul Mulder en it selskip Hy & Sy.

1. Swiet & Bjuster - Fakânsjeblues
2. Harry Niehof & Bert Hadders - Vekaansie in Grunnen
3. Paul Mulder - studiokonsert
4. Hy & Sy - studiokonsert
5. Rolling Home - Wy binne Friezen
6. Dûbeldyk - Sa lui as staal
7. Griet Wiersma & Anneke Douma - Twa Fryske sjongeressen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)