Radio Froskepôle fan 17 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Ankommende snein is it 21 juni, de langste dei fan it jier. Yn it Frysk 'sinnekear', dat trouwens ek jildt foar de koartste dei fan it jier. Mar tidens de simmer sinnekear wurde der ferskate muzikale eveneminten organisearre: it Midsimmerjûn festival yn Ried, it Noardewyn Live festival yn de Prinsetún yn Ljouwert en it Sinnekear Konsert yn de Teatertún yn Riis. Al dizze eveneminten krije hjoed en dizze wike omtinken yn de programma's fan Radio Froskepôle. Al dy eveneminten binne fansels wol wat fan it waar ôfhinklik, mar dat komt grif goed.
Fierder wer omtinken foar de earste streektaal-CD 'Moan bove de Betuwe' út 2003 fan de sjonger en lietskriuwer Dick van Altena.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)