Radio Froskepôle fan 16 oktober 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

In radioprimeur jûn yn Radio Froskepôle, want foar it earst is de nije singel te hearren fan Marcel Smit. 'Reade wyn' is de titel en foar dizze singel hat Marcel op 'e nij de gearwurking socht mei sjongeres Gerbrich van Dekken. Dêr hie hy in tal jierren ferlyn it suksesfolle duet 'In part fan dy' mei songen.
Der is ek in moai Grinzer liet te hearren fan RTV Noord-kollega Henk Scholte yn duet mei de fan oarsprong Fryske folksjongeres Linde Nijland.
En fansels foarearst foar it lêst in lietsje fan de Plattdeutsche streektaal-CD 'Noordlandwind' fan it Noarddútske Otto Groote Ensemble.
Yn in wiidweidige aginda kinne jimme hearre wêr't jimme dit wykein hinne kinne, want der stean nochal wat nijsgjirrige optredens fan streektaalartysten yn de planning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)