Radio Froskepôle fan 16 juny 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden
  • De Noardfryske sjongeres Ginger Redcliff

In primeurke jûn yn Radio Froskepôle. Sjonger en lietskriuwer Jan Nota fan Tsjerkwert is drok dwaande mei it lêste wurk foar syn debút-CD, dy't de titel 'Blinder' krijt en begjin july útkomme sil. In pear lietsjes hat er ús al tastjoerd en ien dêrfan is jûn yn Radio Froskepôle te hearren. It giet om it nijsgjirrige liet 'Ugli' oer in frucht mei dyselde namme. Je hawwe efkes it gefoel op Jamaica te wêzen.
\
Mear nijs komt fan 'oer de grins' yn dit gefal sels oer de lânsgrinzen. Ik krige in sammel-CD yn hânnen drukt mei allegear lietsjes yn it Frasch, of it Noardfrysk sa't je wolle, de streektaal, dy't yn Noard-Fryslân noch wol sprutsen wurdt. In op syn minst nijsgjirrich ferhaal op dat album komt fan Hanna Plass, dy't harsels Ginger Redcliff (Reaklif :)) neamt. Berne yn London, mar wennet en wurket yn Dútslân en har lietsje op dizze sammel-CD stekt der perfoarst boppe út.

Ginger Redcliff yn Radio Froskepôle

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)