Radio Froskepôle fan 16 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Wy fleane hjoed muzikaal sjoen fan Grins nei Limburch en werom yn Radio Froskepôle. Mar it grutste part fan de muzyk komt fansels út Fryslân. De moaiste streektaalmuzyk, mei hjoed as primeurke de YouTube-fersy fan in nij singeltsje fan it echtpear Sander & Thea Metz, beide oarspronkelik fan it Amelân, mar no wenjend yn Itens. Sander is ek de iene helte fan it duo Van Geeft 'M, mar mei syn frou docht er wat oar repertoire yn it programma 'Lietsjes fan my foar dy'. 'In mearke' komt út dat programma.
Fierder wurdt Limburch fertsjinwurdige troch Rowwen Hèze en Suzan Seegers en krijt Grins omtinken middels muzyk fan Bert Hadders en de Nozems en Harry Niehof.

Radio Froskepôle fan 16 april 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)