Radio Froskepôle fan 15 oktober 2015 18:00

Nanne Kalma is in bekende namme yn de Fryske muzyk. Al fan jongsôf oan makket hy muzyk en stie bygelyks oan de basis fan de legendaryske folkgroep Irolt, dy't op dit stuit op jubileumtoer is. Hy is hjoed de dei foaral op 'n paad mei it duo Nanne en Ankie. Mar Nanne Kalma hat 'm ek altiten bot ynset foar it 'esperanto', de Europeeske ienheidstaal, dy't it nea echt rêden hat. Lykwols noch altyd makket Nanne Kalma lietsje yn it esperanto en bringt dy dan foar it fuotljocht mei de groep Kajto. Nanne hat hjoed syn jierdei, hy is 66 jier wurden. Dêrom hjoed wat omtinken foar him yn Radio Froskepôle.

Diel dit berjocht op:

Radio Froskepôle

Rom omtinken foar muzyk yn de streektaal. Net allinne út Fryslân, mar ek muzyk yn streektalen út oare regio's yn binnen- en bûtelân. Sa út en troch live muzyk derby!
Presintaasje: 
Gurbe Douwstra
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 18.00 oant 19.00 oere.
(advertinsje)