Radio Froskepôle fan 15 july 2016 18:00

De simmerprogrammearring is no ek foar Radio Froskepôle úteinset. Dat betsjut de kommende wiken programma's, dy't yn it foar opnommen binne, mar wol op de gebrûklike tiden útstjoerd wurde. Dus troch de wike tusken 18.00 en 19.00 oere en in werhelling om middernacht, tusken 00.00 en 01.00 oere. De earste wiken binne it foaral opnames fan live-studiokonserten, dy't streektaalartysten de ôfrûne tiid fersoarge ha yn de studio fan Radio Froskepôle. Jûn binne dat de konserten fan Onno Loonstra en it duo Desert Snow.

1. De Hûnekop - Moaie simmer
2. Dick van Altena - De zommers van vroeger
3. Onno Loonstra - studiokonsert
4. Desert Snow - studiokonsert
5. Healers - Boar brûst by lâns myn finster
6. Lohues & de Louisiana Blues Club - Hoogste tied veur de blues

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)