Radio Froskepôle fan 14 septimber 2015 18:00

Twa primeurkes jûn yn Radio Froskepôle. De earste komt fan de Snitser band DEFRIES. Dy brocht in jier as wat ferlyn harren debút-CD 'NoFries' út. It wie it doel dat der dizze hjerst in opfolger wêze soe, mar dat keallet wat swierder as de manlju tocht hienen. It wurdt in EP mei fiif nije lietsjes. Ientsje dêrfan is jûn al te hearren yn it streektaalporgramma tusken seis en sân oere.
Dat is ek it gefal mei de nije singel fan it Grinzer rap/hophop-duo Sproakwotter. Dat wurket hurd oan in album-cd, dy't begjin takom jier ferskine sil. Mei de nije singel rinne de manlju foarút op de sûkerbiete-kampanje dy't wer foar de doar stiet. It liet giet oer in sjoffeur fan in biete0frachtwein: 'Sukerbaitenkloas'.
De âldste noch besteande streektaalband fan Nederlân, Normaal út de Achterhoek, is dwaande mei de lêste konserten. Op 19 desimber is it definitive ôfskied yn it Gelredome yn Arnhem. As ôskied hat de band ek in CD-boks útbrocht ûnder de titel '40 Jaor Höken'. Noch nea earder útbrochte opnames binne ûnderbrocht yn fjouwer kategoryen: country, rock 'n' roll, a-capella en de band. Alle jûnen hearre jimme in lietsje fan dizze bysûndere cd.

18:57 - James Last - Biscaya

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)