Radio Froskepôle fan 14 augustus 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

It is de lêste ôflevering fan Radio Froskepôle fan dizze wike en dus sit der in aginda yn mei nijsgjirrige livemuzyk-tips foar dit wykein. Mar der stitte ek noch wat lietsjes yn dy't foar my nij wienen, doe't ik fan fakânsje weromkaam en wer oan 't wurk gie. Sa hie ik noch nea heard fan de band Jiskeman en de Kisjeskearls. Dy band docht in soarte fan Fryske fersy fan de sântiger jierrenhit 'The Wanderer' fan Status Quo.
Fan oer de grins nochris in eardere winnares fan it lietsjesfestival yn Noard Dútslân, dêr't yn it Frasch sprutsen en songen wurdt. Ginger Redcliff is de artystenamme fan Hanna Plass en sy sjongt it liet 'Dat foom as fri'.
Mear Noarddútske muzyk komt fan it Otto Groote Ensemble dat dwaande is mei de lêste saken foar in nije cd, dy't begjin oktober útkomt.
En fansels is der moaie streektaalmuzyk út eigen regio fan ûnder oaren Country Wytske mei de Koekefretters en it accordeonduo Dubbel Accoord, fan Gerbrich van Dekken, Bauke van der Woude en Sake Hijlkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)