Radio Froskepôle fan 13 oktober 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

De twallingbruorren Peter en Engbert Braam binne op it stuit mei it lietsjesprogramma 'Toen en Verder' op 'n paad. Koartlyn wienen de manlju live yn de Froskepôle-studio en ik krige doe fan harren de nijste cd 'Grenzeloos'. Peter en Engbert wurde al sûnt jierren de Fryske Simon and Garfunkel neamd en dat komt moai ta uting op dy cd mei in moaie Fryske fersy fan 'The Boxer', ienfâldich oerset nei 'De Bokser'.
Ut de Achterhoek komt de streektaal-rockband Kiek Now Uw en dy hat in nije singel út mei de titel 'Maisveld vol wiet', jûn yn Fryslân yn premjêre yn Radio Froskepôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)