Radio Froskepôle fan 13 augustus 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

IN simgel-primeurke jûn yn Radio Froskepôle. It giet om de singel 'Mei ik dan by dy' fan de Fryske sjonger Arnold. Arnold Postma hyt er folút en yn it ferline wy hy jierrenlang de sjonger fan de coverband Second Life. Yntusken is er al jierren solo dwaande en sa kaam er teloane yn it simmerprogramma fan de lokale omrop Noardeast Fryslân. Dêr die Arnold spontaan in Fryske fersy fan it moaie lietsje 'Mag ik dan bij jou' fan kabarettiêre Claudia de Breij. It lietsje waard súver wat in Facebook-hit en de reaksje wienen sa posityf dat Arnold besletten hat it lietsje op te nimmen en offisjeel op singel út te bringen. It risseltaat is jûn te hearren.
Ek op de list de bysûndere en langferwachte gearwurking tusken twa fan de meast renommearre streektaalbands fan Nederlân, Normaal en Rowwen Hèze. No't de iene der mei ophâld en de oare ek al hiel wat jierren dwaande is hawwe sy in liet betocht dat moai past. 'Gries' is de titel en dat binne de measten fan har ek.
Dat, oanfolle mei de moaiste streektaalmuzyk út alle parten fan Fryslân en fier dêrbûten is jûn wer te hearren yn Radio Froskepôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)