Radio Froskepôle fan 13 april 2015 18:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze wike alle jûnen in lietsje fan de cd 'SuuS' fan Suzan Seegers. Sy komt fan Limburch, út Sittard, om krekt te wêzen en komt no snein 19 april nei Fryslân. Sy bringt dan yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer in programma mei lietsjes fan Toon Hermans. Foar de CD, dy't wat ekstra omtinken krijt, krige Suzan Seegers help fan in oare bekende Limburger, sjonger. lietskriuwer en, yn dit gefal ek, producer Gé Reinders.
Fierder in Omrop Fryslân-primeurke: foar safier as ik wit de earste streektaal-singel fan Peter Groot Kormelink, de man dy't yn it ferline mei Herman Grimme it duo de Jazzpolitie foarme. Sy binne bekend wurden mei de hit ''Liefdesliedjes'.
Ut Fryslân jûn muzyk fan ûnder oaren Eduard Rekker, the Hangouts, Sipke de Boer en Martijn Kentie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)